Dizze ôfrûne wiken ha stien yn it teken fan ’e ferkiezingen yn de Feriene Steaten fan Amearika, fan de skuldbelidenis fan de Protestantse Kerk in Nederland tsjinoer de Joadse mienskip en fan St. Marten op 11 novimber. Dy trije hawwe op it each neat mei elkoar te krijen. Mar ik sjoch wól ferbining. Yn geastlik perspektyf leit de ferbining hjiryn: oft wy yn ússels romte meitsje kinne foar de OARE.
1. St. Marten
Om te begjinnen mei St. Marten. Dizze soldaat fan it Romeinske legioen hie each foar de bidler dy’t hy ûnderweis tsjinkaam. Hy snijde syn mantel midstwa en dielde de helte mei de bidler. Mar dat net allinne, hy bekearde him ta Kristus doe’t hy yn in dream seach dat dy bidler Kristus sels wie. Sa ferstie hy de wurden út de Bibel: ‘Dit sis Ik jimme: Wat jimme ek mar foar ien fan myn allerearmste bruorren dien hawwe, dat hawwe jim foar My dien.’ Mei’t St. Marten fan syn hynder ôfkaam, liet syn ego delkomme en libbe hy fierder as in bidler fan Kristus.
St. Marten libbe krekt as Sinterklaas yn de 4e iuw. Dat wie in tiid fan hurde striid om te oerlibjen. Dizze Marten en Klaas lieten sjen dat der in oar libben mooglik wie. In libben mei each foar de OARE: fan dielen, fan in lyts ego, fan fertrouwen en ferbining. Se waarden enoarm populêr en stiene symboal foar beskaving en minsklikens.
2. Skuldbekentenis
Mar dy Europese beskaving hie lykwols in dûbel gesicht. Faak wie der mar in bytsje minsklikens oerbleaun. Wy kenne de ferhalen fan oarloch en geweld, fan machtsmisbrûk, fan slavernij en kolonialisme. Ien fan de slimste ûnderdielen fan de Europeeske skiednis is wol de omgong mei it Joadske folk. It antisemitisme is stadich opbout en kultivearre. Fan ’e oarspong fan ’e tsjerke ôf oant hjoed de dei oan ta. Mei as tryste djiptepunten de pogroms fanôf de Midsiuwen, de anti-Joadske teology fan Maarten Luther en de Holocaust (de Shoah). De omgong mei it Joadske folk lit sjen dat it blykber yngewikkeld is om romte te jaan oan de OARE. Dat wy de OARE leaver útbanne of brûke as sûndebok. De skuldbekentenis fan de Protestantse Kerk komt miskien 75 jier te let, mar is tagelyk in wichtige stap. Om ús skiednis ûnder eagen te kommen. Om each te hawwen foar de OARE.
De Protestantse Kerk in Nederland wil zonder terughoudendheid erkennen dat de kerk mede de voedingsbodem heeft bereid waarin het zaad van antisemitisme en haat kon groeien. Eeuwenlang werd de kloof in stand gehouden die later de Joden in de samenleving dusdanig kon isoleren dat ze konden worden weggevoerd en vermoord. Ook in de oorlogsjaren zelf heeft het de kerkelijke instanties veelal aan moed ontbroken om voor de Joodse inwoners van ons land positie te kiezen. Dit ondanks de daden van ongelofelijke persoonlijke moed die, God-zij-dank, ook door leden van de kerken werden verricht. Met dankbaarheid gedenken wij hen die de moed hadden om tijdens de oorlog in verzet te komen.
De skuldbekentenis oan it Joadske folk is lykwols noch net genôch. Net allinne Joadske minsken waarden ombrocht yn de Shoah. Ek ‘oare oaren’ waarden ombrocht: Roma en Sinti, homoseksuele mannen en oare LHBTI minsken (sa’t wy dat hjoed-de-dei neame), minsken mei in handikap en politike tsjinstanners. Nazi-Dútslân woe ien soarte minsk skeppe. Al it OARE wie net goed genôch. De beskaving fan St. Marten en Sinterklaas wie folslein weirekke.
3. Ferkiezingen yn Amearika
Oer de ferkiezingen yn de Feriene Steaten fan Amearika is al in hiel soad sein en skreaun. Dat hoech ik hjir net oer te dwaan. Mar ik ha it folge mei grutte ferbjustering. Hoe is it mooglik dat hiele folksstammen no noch efter Trump oanrinne? Hy hat yn de ôfrûne jierren oars net dien as ûnfatsoenlik west, oars net as leagenje en minksen beskimpe. Hy hat allinne mar dwaande west mei syn eigen ego en syn eigen posysje. Hy hat gjin each hân foar de OARE hjir op ierde en likemin foar de OARE yn ’e himel. It hege persintaazje wapenbesit stiet hjir symboal foar. Minsken ha mar in bytsje fertrouwen yn elkoar, de OARE is in gefaar.
Yn geastlik perspektyf leit de ferbining tusken de trije ferhalen hjiryn: oft wy yn ússels romte meitsje kinne foar de OARE. Is sosjale is itselde as it religieuze. De bidler is Kristus sels. ‘Dit sis Ik jimme: Wat jimme ek mar foar ien fan myn allerearmste bruorren dien hawwe, dat hawwe jim foar My dien.’
Dit skreau Freek de Jonge dizze wike:
De verovering van Biden-Harris van het presidentschap van de Verenigde Staten is de overwinning van de Ander De Ander die niet langer beschimpt vernederd gekleineerd geweigerd teruggestuurd of uitgesloten wordt maar het recht hervindt om mee te doen vertrouwen te ontvangen kansen te krijgen gelijkheid te ervaren in de mysterieuze worsteling iets van je leven te maken Het is de triomf van vreugde Van de voldoening die te vinden is om ondanks alle verdriet teleurstelling tegenslag het leven met elkaar aan te gaan Van de erkenning dat we kunnen zorgen voor elkaar Het is de zege van de ontroering. Hinne Wagenaar 15 novimber 2020
Geef een reactie